Tantalus trilogy van


Yn dizze momumintale roman, dêr't de trije dielen fan de Tantalus-searje yn bondele wurde, beskriuwt Manuela Köster it libben fan Fayda Eldamaty. Fayda is in tige selsstannige frou, dy't wit hoe't se mannen, om te begjinnen har heit Safout en har omke Sabaan, betsjoene en bespylje kin. Se is moai, yntelligint, boartlik, sensueel en benammen mysterieus. Safout stiet oan it haad fan in misdiedorganisaasje, it saneamde Alexandrië Kartel, dat operearret fan Caïro en Alexandrië út. Sabaan bestjoert de ôfdieling fan it Kartel yn Alexandrië. Mar as de gloarjetiid fan it Kartel foarby is en Fayda yn in sel sit, liket it of sil se nea mear frij komme. Op tige betûfte wize slagget har dat dochs. En as se tinkt dat se har libben op de rails hat, bringt de fermissing fan har sweager dêr feroaring yn. It is it begjin fan in ferwoeden striid om alles te'n goede te kearen. De ûnbekende tsjinstanner driuwt har hieltyd mear yn it nau. Om him te ferslaan siket se stipe by immen út har ferline. Skriuwster Manuela Köster toant mei dizze flot skreaune, ferrassende en spannende misdiedromans, dat se in betûft ferteller is, dy't út in grutte ferbyldingswrâld putte kin.Se nimt de lêzer mei yn in wrâld fan misdied, yntriizje, macht en leafde. Har flotte styl mei soepele dialogen lêst noflik en hâldt de oandacht oan de ferrassende ein ta beet.

Auteur Manuela Koster, Manuela
ISBN 9789089548702 Bindwijze Paperback / softback
24.50 Levertijd: Op werkdagen voor 23:00 uur besteld, volgende dag in huis >> Meteen bestellen bij
Tantalus trilogy
  • Prijzen
  • Specificiaties
  • Reviews
Categorie Spannende boeken algemeen
Rubriek Thriller
NUR code 332
Betrokkenen Auteur: Manuela Koster, Manuela
ISBN 9789089548702
Bindwijze Paperback / softback
Jaar uitgave 2016
Taal fry
Druk 1
Geïllustreerd Nee
Publicatie status Active
Tantalus-trilogy kreeg in totaal 0 review(s) en kreeg een gemiddeld cijfer van 0 uit 10
Geef hieronder uw mening
  Slecht Matig Gemiddeld Goed Uitstekend
Prijs
Kwaliteit
Uw gegevens
Uw review